Boubedriuw Dijkstra Draisma yn finale Kening Willem I-priis

24 apr 2018 - 19:01

Boubedriuw Dijkstra Draisma BV is ien fan de trije finalisten foar de Kening Willem I-priis yn de kategory 'midden- en lytsbedriuw'. It bedriuw waard tiisdei troch de sjuery ferrast mei de nominaasje.

De Koning Willem I-priis jout bekendheid oan positive en duorsume ûntwikkelingen yn de Nederlânske ekonomy. Ferline wike waard bekend dat ôffalferwurker Omrin fan Ljouwert finalist is yn de Kening Willem I Plakkette foar duorsum ûndernimmerskip.

De finale en útrikking fan de priis is op 28 maaie yn Nijmegen.

(advertinsje)