Sven Kramer: "Fanwege rêchklachten gjin gouden medalje"

© ANP
Sven Kramer wie by de Olympyske Spelen yn Pyeongchang en op it WK allround yn Amsterdam net yn topfoarm troch rêchklachten. Dat meldt de NOS, dy't tiisdei mei Kramer prate by de earste training fan syn ploech Lotto-Jumbo. Troch de rêchklachten rûn er úteinlik ek de gouden medalje op de 10 kilometer mis, dêr't er him op rjochte hie. "Ik hie it hiele jier al lêst fan de rêch, benammen yn 'e lege rêch. Dêrtroch ferlear ik krêft yn myn linkerskonk."
Fallen mei de fyts
De problemen by Kramer waarden grutter, nei't er ferline simmer in pear kear hurd fallen wie mei de fyts. Foar Kramer wie it lestich om midden yn it reedrydseizoen medysk yn te gripen. "Mei de fiif kilometer koe ik it olympysk goud noch wol pakke, mar by de 10 kilometer slagge dat gewoan net."
Kramer hopet derop dat er wer better wurdt. "Yn de basis sil der net in hiel soad feroarje. Wy sille spesifyk optrede moatte en soargje dat it better en stabiler wurdt."