Provinsje Fryslân buorket goed wat jild oanbelanget

24 apr 2018 - 18:33

De provinsje hat oer it jier 2017 37,2 miljoen euro oerhâlden. Dat docht bliken út de finansjele ramtnota 2019 fan deputearre Sander de Rouwe. Trochdat it goed giet, is der ek romte om mar leafst 22 miljoen ekstra te ynvestearjen yn saken lykas ferkearsfeiligens en de Iselmarkust.

Fytstunnel

De provinsje wol ûnder oare 650.000 euro útlûke foar in fytstunnel by Marsum. Der wurdt 2 miljoen frijmakke foar ferskate projekten by de Iselmarkust del. Der kin meikoarten ek wer jild oanfrege wurde út it Iepen-Mienskipsfûns foar maatskiplike inisjativen en eveneminten. De provinsje stelt dêr 1,8 miljoen euro foar beskikber. Nije oanfragen kinne wer yntsjinne wurde fan 7 maaie ôf oant 1 juny. De provinsje ferwachtet in soad flecht op 'e koai, want ek by de foarige omrin wie der in soad belangstelling foar dit fûns.

Wetsus kriget 2,25 miljoen

Wettertechnology-ynstitút Wetsus kriget 2,25 miljoen euro om de takomst feilich te stellen. Neffens de provinsje is dat nedich om derfoar te soargjen dat Wetsus ek nei 2020 wer fierder kin. Al mei al kin it by de provinsje Fryslân wat lije, omdat de strukturele ynkomsten heger binne en bliuwe as de strukturele útjeften.

Trefwurden: 
Provinsje Fryslân jild
(advertinsje)
(advertinsje)