Oer twa dagen mooglik dúdlikens oer bousoap Lawei

24 apr 2018 - 18:26

It draaide út op in regelrjochte soap, de ferbouwing fan skouboarch De Lawei yn Drachten. In soap dy't no op syn hichtepunt komt, want troch petearen mei alle belutsenen hopet de gemeente de kommende twa dagen antwurd te krijen op de fraach wa't no eins echt ferantwurdlik is foar alle flaters. Woansdei begjinne de ferhearen.

Yn septimber 2014 stjoerde direkteur Stef Avezaat fan De Lawei de oannimmer fan de ferbouwing, Van Norel út Epe, nei hûs. It wurk wat se diene wie net goed genôch en se holden har net oan de ôfspraken.

Bourjochter

De 'raad van arbitrage voor de bouw', de spesjale bourjochter oardiele oars. Op alle punten krige De Lawei ûngelyk yn it fuortstjoeren fan de oannimmer. It koste de gemeente Smellingerlân miljoenen ekstra. De Lawei giet net yn heger berop tsjin de útspraak en Friso Bouw makke de ferbouwing ôf.

Politike krisis

Yn maaie 2015 waard de ferboude skouboarch feestlik iepene, mar de rebûlje wie noch lang net oer. Der ûntstie in polike krisis yn de gemeente Smellingerlân. Dy gie benammen om de fraach wa't flaters makke hat by de ferbouwing fan De Lawei. Wethâlder Marja Krans naam har bestjoerlike ferantwurdlikens en stapte op.

Trefwurden: 
De Lawei Drachten
(advertinsje)