Escher syn studio yn Fries Museum

It atelier yn Rome, dêr't de keunstner Escher syn houtfiken en printen makke, is folslein neiboud yn it Fries Museum. Syn wurktafel, mei houtblokken en snijark, mar ek syn sulveren bol, dy't er brûkte foar it selsportret: 'Hand met spiegelende bol'.
Escher syn bril
Yn it atelier binne orizjinele besittingen te sjen lykas in loep, houtfiken en in biennen leppeltsje dêr't hy de inket mei trochdrukte op Japansk papier. Syn bril leit der, in kofjekopke en in sigaret. it liket as hat Escher der krekt noch sitten. Yn de boekekast stean boeken dy't er hie. It atelier is krekt sa neiboud as dat bekend is fan de foto's út de jierren '20, doe't Escher mei syn húshâlding yn Rome wenne.
Selfy yn spegeljende bol
Yn de studio yn it Fries Museum binne ek in tal ynteraktive eleminten. It is mooglik om mei de spegeljende bol in selfy te meitsjen en dy nei dysels te mailen. By in wurktafel kinst sels in firtuele houtfyk meitsje mei ferskate soarten ark.
Publykslûker
Escher syn studio makket diel út fan de útstalling 'Escher op Reis'. Woansdeitejûn is de offisjele iepening foar minsken dy't útnûge binne. Fan sneon ôf is it publyk wolkom. Mear as tachtich orizjinele wurken, printen en tekeningen hingje byinoar. It moat in grutte publykslûker foar it Fries Museum wurde. Se ferwachtsje 120.000 minsken.