Ekstra beheiningen wynmûnepark Nij Hiddum-Houw

24 apr 2018 - 17:13

Deputearre Steaten fan Fryslân hat wynmûnepark Nij Hiddum-Houw by de kop fan de Ofslútdyk ekstra beheiningen oplein.

Slachskaad en lûdsnoarmen

De njoggen nije wynmûnen dy't dêr komme, meie gjin 'slachskaad' produsearje. Boppedat wurde de nije mûnen ekstra strange lûdsnoarmen oplein. De ôfspraken oer it beheinen fan oerlêst troch lûd, skaad en ljocht binne fêstlein yn it Provinsjale Inpassingsplan PIP.

Beswieren

De provinsje besiket sa de beswiermakkers fan Stichting Hou Fryslân Mooi en de gemeente Súdwest-Fryslân tsjin it nije wynpark yn de mjitte te kommen.

16 lytse turbines ferfange troch 9 hege

De inisjatyfnimmers wolle yn 2020 sechstjin âlde wynmûnen ôfbrekke en ferfange troch njoggen nije, hegere wynmûnen dy't mei-inoar 36 megawatt produsearje.

Rjochter

Deputearre Klaas Kielstra hopet dat troch de nije ôfspraken it draachflak foar Nij Hiddum-Houw tanimt, mar hâldt der, mei it each op de foarskiednis, rekkening mei dat beswiermakkers nei de rjochter stappe sille. Provinsjale Steaten meie harren op 27 juny útsprekke oer Nij Hiddum-Houw.

Duorsume enerzjy

De provinsje wol romte jaan oan wynpark Nij Hiddum-Houw om de Fryske doelstellingen op it mêd fan duorsume enerzjy te heljen. De provinsje hat earder mei it Ryk ôfpraat dat Fryslân op syn lêst yn it jier 2020 530,5 megawatt oan wynenerzjy produsearje sil.

(advertinsje)