Omrop Fryslân bliuwt foarearst publike regio-omrop Fryslân

24 apr 2018 - 16:56

Omrop Fryslân bliuwt de kommende fiif jier ek dé regionale publike omrop foar Fryslân. Provinsjale Steaten advisearje dat oan it Kommissariaat fan de Media. It positive advys jildt foar in perioade fan fiif jier, dus oant en mei it jier 2023. It kommissariaat beslút oer de stjoermachtiging fan de regionale omroppen op basis fan in advys fan de provinsje.

Neffens deputearre Sietske Poepjes is it reedlik fanselssprekkend dat Omrop Fryslân de regionale omrop foar Fryslân bliuwt, ek al omdat der gjin alternatyf is. Yn oare provinsjes, lykas Grinslân, is it wolris bard dat in nije inisjatyfnimmer besiket om de posysje fan de besteande publike omrop oer te nimmen, mar dat is yn Fryslân net oan de oarder.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)