Mear gefoel en beleefsintrum foar Fryske readbûnte kij

24 apr 2018 - 17:30

De Stichting Behoud Roodbont Friese Vee, marketingekspert Wytze Visser en Omrop Fryslân wolle in beleefsintrum meitsje foar Fryske readbûnte kij. It ras wurdt bedrige. Der binne op dit stuit noch mar 340 stiks oer. Hoe't it sintrum der krekt út komt te sjen en wêr't it komme moat, wurdt de kommende tiid oer neitocht.

Twadde Keamer

Foarsitter Durk Durksz fan de stichting hat grutte soargen oer de Fryske readbûnte kij en tinkt dat in beleefsintrum in stap yn de goede rjochting is. Mar dat is net it iennige dêr't de stichting him mei dwaande hâldt. "Wy binne ek yn gearwurking mei de Stichting Zeldzame Huisdierrassen om de minister en de Twadde Keamer te ynformearjen hoe't it derfoar stiet en wat der barre moat." 

Symboalyske wearde

Wytze Visser tinkt dat der mear barre moat as allinnich in beleefsintrum. "De Fryske Reade moat in symboalyske wearde krije foar de Friezen. Op dit stuit is de ko gjin ekonomyske faktor, mar der sil wol antwurd komme moatte op de fraach: Wêrom moat Fryske readbûnte kij bestean bliuwe?", seit Visser. 

Kealtsje

Omrop Fryslân folget it libben fan in Fryske readbûnte kealtsje fan noch mar ien wike âld. Op tongersdei 19 april 2018 is se berne op de buorkerij fan Jaring Brunia yn Raerd. Hy is in soad dwaande mei de âlderwetske wize fan buorkjen. Hy hat no tsien suvere Fryske readbûnte kij, mar dit kealtsje hie it hast net oerlibbe.

"Ik tink dat ik har rêden haw. It seach der net goed út, doe't ik by de memmeko kaam. Ik haw it kealtsje der doe útlutsen. Ik tocht dat it dea wie", seit Brunia. Mar dat bliek oars te wêzen. It bistje docht it goed, mar it hat noch gjin namme. En dêr hawwe we jo help foar nedich. Nei wa moat it kealtsje ferneamd wurde? Mail de namme en wêrom nei fryslanhjoed@omropfryslan.nl

Wolle jo de aksje foar de Fryske readbûnte kij folgje? Sjoch dan op omropfryslan.nl/kij of wurd lid fan de Facebookgroep.

Trefwurden: 
Fryske readbûnte kij
(advertinsje)