Ferkearskontrôle op A7

16 jun 2012 - 13:55

De plysje hat by in grutte ferkearskontrôle op de A7 by Terwispel goed fyftich bekeurings útskreaun. Dy giene ûnder oare nei bestjoerders dy't mankeminten oan de auto hiene lykas stikkene ferljochting of glêde bannen. Der waard ek te hurd riden of de APK wie ferrûn. By de kontrôle waarden twa minsken oppakt. Ien automobilist hie drugs by him. De oare besocht oan de kontrôle te ûntkommen omdat syn rydbewiis net jildich wie.

By de kontrôle waarden alle bestjoerders fan de dyk ôf helle. De dûane en de gemeente Opsterlân wurken ek mei.

Trefwurden: 
A7 ferkearskontrôle
(advertinsje)
(advertinsje)