Camperplak yn Appelskea wurdt mooglik mei tweintich útwreide

24 apr 2018 - 16:02

It camperplak oan de Wester Es yn Appelskea wurdt mooglik útwreide. Op dit stuit binne der tsien steanplakken, mar omdat dy geregeld fol stean hawwe de eigeners it plan om der tritich plakken fan te meitsjen. Se hawwe dêrfoar yntusken in stik grûn oankocht.

Boargemaster en wethâlders fan Eaststellingwerf kinne harren fine yn it plan, mar se wolle wol dat der earst oerienstimming komt mei de omwenners en mei it bylizzende attraksjepark Duinen Zathe. Fierders moatte de eigeners de kosten foar eventuele oanpassingen fan de ynfrastruktuer foar harren rekken nimme.

Trefwurden: 
Appelskea Wester Es camper
(advertinsje)
(advertinsje)