Mei tassen metaal út sleat wei

Plysje © ANP XTRA
In 32-jierrige ynwenner út Ljouwert is sneontemoarn betiid yn de Langdeelstrjitte yn Ljouwert oanhâlden op fertinking fan stellerij. De plysje seach de man út in sleat weikommen mei tassen. It die bliken dat yn de tassen allegearre metaal siet en dat dat út in bedriuw út de buert weikaam.
It metaal is yn beslach naam. De Ljouwerter is oerbrocht nei it plysjeburo.