Previntive maatregels foar Keningsdei Ljouwert

© Yn Op & Ut omtinken foar de frijmerk yn Ljouwert
De gemeente Ljouwert komt foar Keningsdei mei previntive maatregels om de komst fan de ferwachte 100.000 besikers yn goede banen te lieden. Der binne spulregels foar de frijmerk en húsregels foar it sintrum. It iepenbier ferfier hat in oanpaste tsjinstregeling en der binne ferkearsmaatregels naam.
It sintrum is oant fiif oere middeis ticht foar ferkear. Foar it ôffal stean op fiif lokaasjes yn de stêd ekstra grutte konteners. Besikers kinne by winkels, hoarekagelegenheden en supermerken yn de stêd programmaboekjes mei in plattegrûn krije. Foar de lêste ynformaasje kinne jo op mooileeuwarden.nl sjen.