Nij kolleezje wol ynsette op leefberens Flylân

24 apr 2018 - 14:58

De leefberens op Flylân behâlde en fersterkje is de ynset fan it nije kolleezje op it eilân. Nei de ferkiezingen fan maart hat Nieuw Liberaal Vlieland as grutste partij de lieding hân oer de formaasje fan dat kolleezje.

It nije kolleezje sil bestean út Nieuw Liberaal Vlieland en Groenwit en hat as kandidaat-wethâlders Rients Hoekstra en Elsje de Ruijter. Doel is dat it kolleezje de bewenners ek belûkt by de útwurking fan it behâld en it fersterkjen fan de leefberens op it eilân. It giet dan ûnder oare oer tema's lykas soarch, ûnderwiis, wenjen en toerisme.

Trefwurden: 
Flylân leefberens
(advertinsje)