Acht jier easke foar deadlike stekpartij It Hearrenfean

Tsjin de fertochte fan de deadlike stekpartij yn augustus ferline jier op It Hearrenfean is tiisdei acht jier selstraf easke, plus tbs mei twangferpleging. De 30-jierrige man belle ferline simmer oan by it 60-jierrige slachtoffer slachtoffer. Fuortendaliks dêrnei ûntstie in fjochtpartij mei fatale gefolgen.
By de rjochtsaak sei er tiisdei dat er dêrta twongen waard troch in demon yn 'e holle. De fertochte wie út op in froulike kollega, dy't yn itselde hûs wenne as it deadlike slachtoffer. Har moast er fan de demon geweld oandwaan. De man stiet al lange tiid ûnder behanneling fanwege psychyske problemen.