10.000 euro foar mûne Boerum

16 jun 2012 - 13:21

De eigeners fan de ôfbaarnde mûne yn Boerum hawwe sneon in sjek fan 10.000 euro oerlange krige. Dat is de opbringst fan de aksje 'Help molen Windlust uit de brand'. De aksje is in idee fan moolner Ruud Bax út Hoogmade. De aksje is noch net ôfrûn. Der komt noch hieltyd jild binnen.

Mûne Windlust yn Boerum baarnde begjin april oan de grûn ta ôf.

Earder krige de mûne ek al in sjek fan 8000 euro, opbrocht by it televyzjeprogramma Doch it foar dyn doarp.

Trefwurden: 
mûne Boerum
(advertinsje)
(advertinsje)