Nij boek oer Twadde Wrâldoarloch mei Fryske tint

73 Jier nei dato bliuwe der noch altyd ferhalen kommen oer de Twadde Wrâldoarloch. No tongersdei bygelyks. Dan wurdt it boek "Verdwenen in Duitsland' yn Seisbierrum presintearre. It boek giet oer slachtoffers yn in lyts konsintraasjekamp yn it Ostfriese Engerhafe. It kamp wie in bykamp fan Neuengamme en hat mar trije moanne bestien en der ha 2000 minsken sitten. 188 minsken binne omkaam yn it kamp, benammen troch diarree. Twa Friezen sieten yn dat kamp, al hat de famylje dat hiel lang net witten.
Drukker Pieter van der Weij út Ljouwert kaam om yn it kamp en Rients Westra fan Seisbierrum ek. Jantsje Post is efternicht fan Rients. Sy kaam by tafal in pear jier lyn derefter dat har âldomke yn it kamp siet en der ek omkaam is. Jantsje is oersetter en hie in opdracht fan in groep minsken út Engerhafe om in webside oer it kamp oer te setten, út it Dútsk. By neifraach die bliken dat har omke Rients yn it kamp omkaam wie en dat syn namme alle jierren by de betinking neamd wurdt. In jonge Dútske skriuwster hie de ferhalen fan har beppe, dy't yn de oarloch yn it doarp wenne, heard en gie op syk nei de ferhalen fan de 188 omkommen minsken en harren neibesteanden. Yn 2014 kaam har boek (Verschwunden in Deutschland) út, mei ek it ferhaal fan de twa Friezen. No hat Jantsje Post it boek oerset yn it Nederlânsk. Tongersdei 26 april wurdt it oersette boek presintearre yn Seisbierrum. Om 13.30 yn it doarpshûs fan Seisbierrum. Elkenien is dêrby wolkom.