Fertochte deadlike stekpartij wurdt stjoerd troch in demon

24 apr 2018 - 13:04

De fertochte fan de deadlike stekpartij simmer ferline jier op It Hearrenfean waard stjoerd troch in demon. Dat sei er tiisdei by de behanneling fan de saak yn de rjochtbank yn Ljouwert. De 30-jierrige man belle 15 augustus oan by it 60-jierrige slachtoffer. Der ûntstie in fjochtpartij mei fatale gefolgen. Syn úteinlike doel soe ien fan de froulike bewenners fan it hûs west ha. Har moast er geweld oandwaan fan de demon. De man koe lykwols fantefoaren oermastere wurde troch de soan fan it slachtoffer.

De fertochte wurdt al langere tiid behannele foar psychyske problemen. Dy komme ek nei foaren út it ûndersyk dat nei de stekpartij nei him dien is. Dêrút docht bliken dat er fermindere tarekkenber is. Nei alle gedachten wurdt oan it begjin fan de middei bekend wat foar straf der tsjin him easke wurdt. Neist de fertochte hawwe ek de trije bern fan it slachtoffer oan it wurd west. Ien fan har krige applaus út de rjochtseal doe't er sei dat er fynt dat de fertochte de deastraf of oars libbenslang fertsjinnet.

(advertinsje)