Fan heechspanning nei ûntspanning yn Wurdum

24 apr 2018 - 12:51

Krekt bûten Wurdum stiet in ferfallen transformatorhúske. De gemeente Ljouwert woe it eins wol slope, mar as stedsmeubelmakker Ronald van der Zwaag dat heart, bellet er mei de gemeente. Hy wit dêr wol in oare bestimming foar: in bêd en brochje.

Ferline jier febrewaris is Van der Zwaag begûn mei de ferbouwing. De muorren hat er sloopt en der kamen trije grutte erkers yn om safolle mooglik ljocht binnen te litten. "Doe ik it kocht siet it potticht, it wie krekt in bunker", fertelt Van der Zwaag. It húske wurdt 20 kante meter grut en der moat fan alles yn. In keukenblok, in iterstafel mei moaie stuollen, in sithoeke mei lúkse fauteuils, in dûs en in lisbad. It húske hat no noch mar ien ferdjipping, mar de balken fan it húske wurde nei ûnderen brocht om in twadde ferdjipping te kreëarjen. Dêr komt dan in twapersoansbêd te stean.

It húske stiet midden yn it fjild mei rom útsicht. Dêr rinne no skiep en lamkes. "Ik tink dat de minsken dat wol hiel moai fine", seit Van der Zwaag. "Foaral minsken dy't yn de stêd wenje", fertelt hy. Van der Zwaag tinkt dat der benammen 50-plusser op ôfkomme, mar ek jonge steltsjes. "Minsken kinne hjir ûntspanne, sa as ik dat sis: "Fan heechspanning nei ûntspanning", fertelt hy. Oernachtsje yn it âld transformatorhúske kostet ûngefear tusken de 100 en 150 euro de nacht. It doel is dat it 1 july klear is, mar Van der Zwaag wit noch net oft dat ek slagget. "Ik ha dat doel, mar ik wol it net te fluch ôfmeitsje, it moat wol goed gebeure dus it kin letter wurde", seit hy.

(advertinsje)