Heakoarts troch nij mjitstasjon better yn byld

24 apr 2018 - 12:13

Minsken yn it Noarden, dy't lêst hawwe fan heakoarts, kinne sûnt dizze wike in folle aktuelere en krektere foarsizzingen krije oer it stomoal yn de loft. Philips hat yn Drachten in nij stomoalmjitstasjon delsetten wêrmei't dat kin. Oant no ta waarden de foarsizzingen makke oan de hân fan twa stasjons yn Helmond en Leiden.

It nije mjitstasjon wurdt ek brûkt foar de ûntwikkeling fan nije sensoaren en produkten dy't de loft skjinner meitsje. Om te sjen hoefolle stomoal der metten wurdt, moatte minsken wol de fergeze app Air Matters delhelje.

(advertinsje)