Drank- en hurdrider trappearre

Alkoholkontrôle © ANP
In 48-jierrige drankrider út Ljouwert is moandeitejûn oanhâlden nei't de man yn de Schoppershofstrjitte tsjin twa auto's riden wie. De auto's rekken skansearre troch de oanriding. De drankrider sit noch fêst foar ûndersyk.
In oare bestjoerder út Ljouwert rekke syn rydbewiis kwyt om't de man op de A32 by Werpsterhoeke 157 kilometer ried, dêr't 100 kilometer it maksimum is.