Alwer djoere auto's stellen

16 jun 2012 - 12:35

It liket derop dat in profesjonele binde fan autodieven aktyf is yn Fryslân. Yn de nacht fan tongersdei op freed waard ynbrutsen yn in autobedriuw yn Parregea. Dêrby waarden twa djoere BMW's meinaam. De ynbrekkers makken de doar stikken om oan de kaaien te kommen. Dêrnei namen se de auto's mei dy't op it terrein stiene. Der is foar 90.000 euro skea oanrjochte oan it gebou.

De ynbraak liket op de stellerij fan okkerdeis yn Surhústerfean. De djoere auto's dy't dêr stellen waarden, binne ûnderwilens alwer weromfûn.

De stellen BMW's út Parregea binne in swarte BMW 335i kûpee mei kenteken 75-XB-BL en in donkergrize BMW 530d sedan mei as kenteken 51-GDS-8. De plysje freget minsken út te sjen nei de auto's en kontakt op te nimmen mei 0900-8844 as se wat fertochts sjoen hawwe.

(advertinsje)