Frysk eroatysk liet út 1643 ûntdutsen

24 apr 2018 - 11:03

Op in kongres yn Ljouwert wurdt tiisdei ferteld oer in bysûnder eroatysk liet út 1643. Arjen Versloot, heechlearaar Germaanske taalkunde oan de Universiteit fan Amsterdam en ferbûn oan de Fryske Akademy, ûntduts de tekst. Hy fûn de tekst, skreaun yn in Noard-Hollânske fariant fan it Frysk, yn it printe lieteboekje d'Amsteldamsche Minne-zuchjens. It ferhaal fertelt byldzjend oer it 'nachtfrijen'.

(advertinsje)