Rjochtsaak Drachtster om deadlike stekpartij

24 apr 2018 - 10:44

In 30-jierrige Drachtster moat tiisdei foar de rjochter ferskine fanwege in deadlike stekpartij op It Hearrenfean. De man wurdt der fan fertocht augustus ferline jier in 60-jierrige ynwenner fan dat plak om it libben brocht te hawwen. It slachtoffer die jûns de doar iepen doe't der oanbelle waard, fuort dêrnei waard der op him ynstutsen. De man ferstoar op it plak sels. De fertochte koe troch de soan fan it slachtoffer oanhâlden wurde. 

(advertinsje)
(advertinsje)