Arriva liedt sels nije sjauffeurs op

Ferfierbedriuw Arriva is hurd op syk nei nije bussjauffeurs. Allinne dit jier al geane yn Fryslân 40 minsken mei pensjoen. Om de tekoarten op te fangen, hat it bedriuw in eigen oplieding foar minsken dy't bussjauffeur wurde wolle. Mei in eigen lesbus. De nije sjauffeurs krije les fan Jan van der Heide. Lineke Jepma fan Beetstersweach is hast klear mei de oplieding. Takom wike docht se eksamen.