Friezen meie graach flagje mei Keningsdei

Friezen, Grinslanners en Drinten stekke lanlik sjoen it meast de flagge út op Keningsdei. Dat docht bliken út in ûndersyk yn opdracht fan de Dokkumer Vlaggen Centrale. Fan de noarderlingen is 48 prosint fan doel de flagge freed út te hingjen. Tradysje en grutsk wêze op Nederlân binne de wichtichste redenen om de flagge út te stekken.
Yn de stêden Amsterdam, Rotterdam en Den Haag wurdt de flagge it minst útstutsen. Dêr is mar sa'n 18 prosint fan de ynwenners dat fan doel.