Iepenbier ferfier wol mei koart pleit stakingen foarkomme

24 apr 2018 - 09:32

De wurkjouwers yn it iepenbier ferfier, wêrûnder ek ferfierder Arriva fan It Hearrenfean, wolle mei in koart pleit de stakingen yn it iepenbier ferfier fan takom wike foarkomme. It fakbûn FNV wol moandei en tiisdei mei in 48-oerestaking druk sette op de cao-ûnderhannelingen. Der driigje troch de stakingen hast gjin streekbussen en regionale treinen te riden.

Neffens de wurkjouwers binne de fakbûnen op it lêst mei wizigingen kaam en dêr fuortendaliks in ultimatum oan keppele. Mei it koart pleit wolle de wurkjouwers tiid winne om de nije foarstellen goed te besjen. De wurkjouwers fine de aksjes oan it begjin fan de drokke maaiefakânsje net yn balâns en sprekke fan in 'maatschappelijk ontwrichtende staking'. It fakbûn lit yn in reaksje witte dat de stakingen wat harren oanbelanget gewoan trochgean.

(advertinsje)
(advertinsje)