ONT wol graach in freedskompetysje foar legere teams

24 apr 2018 - 08:53

Fuotbalferiening ONT fan De Pein wol graach wedstriden spylje op de freedtejûn as ferfanging fan de wykeinkompetysje. Dat jout de spilers de mooglikheid om op sneons te wurkjen, mar dochs te fuotbaljen. Fuotbalbûn KNVB wol dêr oan meiwurkje en ek wedstriidskema's opstelle, mar dan moat ONT sels sykje nei oare fuotbalferieningen dy't dat ek wolle.

Der is al langer ferlet foar in freedskompetysje foar de legere klassen. Oare ferieningen mei reserve fiifde en sechsde klasseploegen dy't no op sneon spylje, mar graach op de freeds spylje wolle, kinne kontakt opnimme mei ONT.

Trefwurden: 
fuotbal ONT freedskompetysje
(advertinsje)