Brân yn wenning Wâldsein en autobrân yn Ljouwert

24 apr 2018 - 06:11

De 34-jierrige bewenner fan de wenning oan de Melchior Clantstrjitte yn Wâldsein, dêr't yn de nacht fan moandei op tiisdei brân wie, is oanhâlden as mooglik fertochte fan brânstichting. Troch de brân ûntstie in soad skea yn de sliepkeamer fan de twa-ûnder-ien-kapwenning. By de brân kaam in soad reek frij. It hûs neist de brânende wenning waard ûntromme. De brânwacht ried manmachtich út. It korps fan Wâldsein krige by it bestriden fan de brân help fan Snits en Balk. Se koene in hûn en in parkyt út it brânende hûs rêde.

By in brân yn de Populierstrjitte yn Ljouwert is yn deselde nacht in auto ferlern gien. Twa auto's neist de brânende auto hiene ek in soad skea troch de hjitte fan it fjoer. De brânwacht hat it fjoer útmakke. Fanwege de fertochte omstannichheden sil de plysje ûndersykje as sprake is fan brânstichting.

Trefwurden: 
brân Wâldsein Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)