App mei 28 toeristyske rûtes troch hiel Fryslân

Merk Fryslân lansearret dit wykein in spesjale beleef-rûte-app op de telefoan foar sawat 28 tematyske toeristyske rûtes dwers troch hiel Fryslân hinne. It giet om rûtes foar alderhanne ferfiermiddels lykas de auto, de fyts, de kano of it hynder.
Virtual reality
Guon rûtes binne foarsjoen fan virtual reality. Dat jildt bygelyks foar de 'Sense of place'-rûte by de Waadkust del. Op guon plakken kinne minsken op de app alfêst de keunstwurken besjen dy't dêr de kommende jierren mooglik komme yn it ramt fan Sense of place. De app krijt ek ynteraktive eleminten lykas kwisfragen dêr't punten mei te fertsjinjen binne. De app wurdt fergees foar toeristen en jout ynformaasje oer toeristyske bedriuwen en ek oer alle Fryske musea.
Redbad en Bonifatius
De app wurdt sneon offisjeel presintearre, mar toeristyske ûndernimmers út Noardeast-Fryslân krigen moandeitejûn alfêst in demonstraasje op de jierlikse foldermerk yn Damwâld. Ferskate beleefrûtes gean ek troch Noardeast-Fryslân. Dat jildt ûnder oare foar de nije Redbad- & Bonifatiusrûte. Dy wurdt op dit stuit yn heech tempo ûntwikkele, sadat it toerisme profitearje kin fan de film Redbad dy't meikoarten útkomt. De rûte rint by plakken del dêr't opnamen foar de film Redbad makke binne, lykas Bakkefean, Earnewâld, Moddergat en It Amelân.
Folders bliuwe wichtich
Op de jierlikse 'foldermerk' kamen moandei likernôch 140 toeristyske ûndernimmers út Noardeast-Fryslân. Dy giene net mei lege hannen nei hûs, want foar elk wie der in swiere doaze klear mei farske toeristyske magazines yn it Dútsk, Ingelsk en Nederlânsk. Neffens Regiomarketing en Toerisme RMT bliuwt ek yn dizze tiid papieren promoasjemateriaal fan grut belang, want toeristen dy't dizze kant op komme, stelle noch hieltyd bot priis op ynformaasje op papier.