Algemeen Belang Ameland net akkoart mei koälysjefoarstel

23 apr 2018 - 22:37

Algemeen Belang Ameland (ABA) kin him net fine yn de foarstelde koälysje fan winner AmelandEén (A1) mei de PvdA. Dat die moandeitejûn bliken op de riedsgearkomste op it eilân. ABA-foarman Piet IJnsen, dy't yn de foarige perioade yn de koälysje siet mei Ameland'82, hie graach sjoen dat ynformateur Theo Faber fan AmelandEén ek foar syn partij, lykas de PvdA, in ekstra ferkenningspetear oanfrege hie.

Neffens Faber is in koälysje mei de PvdA lykwols it meast logysk. Al sil dêrfoar wol in wethâlder fan de wâl, mei bestjoersûnderfining, foar oanlutsen wurde. De VVD en Ameland'82 kinne har wol fine yn de foarstelde koälysje. It CDA lit him der fierder net ekplisyt oer út.

(advertinsje)