Huningbij meast sjoene bij yn Fryslân op bijeteldei

Bijen © ANP
De nasjonale bijeteldei hat ôfrûne wykein 211 Fryske dielnimmers hân. Oer it hiele lân diene mear as fjouwertûzen tellers mei. De measte bijen dy't yn Fryslân sjoen waarden, binne de huningbij. Dy is mei-inoar 532 kear sjoen. Op it twadde plak kwa tal waarnimmingen stiet de hagedoarnsânbij. En tredde de rodzige mitselbij.
Mei-inoar binne yn it hiele lân goed 40.000 bijen teld. De reden fan de telling is it yn kaart bringen fan de bijestân. Fan de 360 bijesoarten driget de helte te ferdwinen. Lanlik sjoen stiet de huningbij ek op nûmer 1 lykas yn Fryslân, folge troch de rodzige mitselbij. Op it tredde plak stiet de grûnholder, ek wol ierdholder neamd.
Honey Highway
Moandei waard ek bekend dat Fryslân in 'honey highway' kriget. Learlingen fan Van Hall Larenstein en it Nordwin yn Ljouwert sille dy 'oanlizze'. By rykswei N32 by Wurdum komt in blommeberm. Dizze wike wurdt it blomsied struid. As alles opkommen is, moat dat resultearje yn in bijeparadys.
It inisjatyf komt fan Rykswettersteat, de Elfwegentocht - it plan om Fryslân twa wiken lang fossylfrij reizigje te litten - en fan biologysk-dynamysk ymker Deborah Post. De bijeberm is in gebiet fan mei-inoar 10.000 fjouwerkante meter.
Bijehotel
Takom maitiid komt der ek noch in grut bijehotel by it carpoolplak. Fierders wurdt der noch socht nei in plak foar in biodynamyske bijekast. It doel dêrfan is dat de oarspronklike Nederlânske huningbij werom komt.