Fryske ekonomy is ferline jier 2,3 prosint groeid

24 apr 2018 - 06:00

De Fryske ekonomy is yn 2017 gemiddeld mei 2,3 prosint tanaam ferlike mei it jier dêrfoar. Dat is leger as it lanlik trochsneed fan 3,2 prosint. Dat docht bliken út de nijste sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk.

Yn de provinsje bestean wol regionale ferskillen. Sa is der yn it noardlik part fan de provinsje - ynklusyf Ljouwert - in groei fan mar 1,2 prosint.  Dat is in stik leger as de 3,3 prosint dy't yn it súdeasten en de 3,5 prosint. dy't yn it súdwesten fan de provinsje metten is.

Ofnimmende gaswinning 

Neffens it CBS hat de ôfnimmende gaswinning yn de noardlike provinsjes ynfloed op de ekonomyske sifers.  As de gaswinning net meirekkene wurdt, dan is de groei fan de ekonomy net 2,3 prosint, mar 2,7 prosint. Dêr moat lykwols by sein wurde dat de ynwenners fan Fryslân dêr sels net in soad fan fernimme sille, om't de opbringsten fan de gaswinning net foar de provinsje sels binne, mar foar de steatskas binne.

(advertinsje)
(advertinsje)