Beloften Hearrenfean kampioen nei oerwinning op RKC

23 apr 2018 - 20:45

De belofteploech fan SC Hearrenfean is moandei kampioen wurden. Troch de 4-2 oerwinning op Jong RKC is de ploech fan Chris de Wagt net mear yn te heljen troch de konkurrinsje. It is de tredde titel op rige foar Jong SC Hearrenfean.

Joshua Sanches sette de Feansters yn Waalwijk nei in kertier spyljen op foarsprong tsjin de hikkesluter. Goed tsien minuten letter makke Jizz Hornkamp der al 0-2 fan. Dat wie ek de stân by it skoft.

Yn de twadde helte die RKC lykwols al gau twa kear wat werom. De thúsploech kaam op gelikense hichte. Christos Almpanis besoarge Hearrenfean dêrnei in nije foarsprong en dat joegen de Friezen net wer fuort. Hornkamp bepaalde mei syn twadde goal de einstân sels op 2-4.  

Cambuur

It kin sels in Frysk ien-twa'ke wurde yn de beloftekompetysje. Jong SC Cambuur stiet nammentlik twadde. De Ljouwerters ferspilen moandei lykwols wol punten. Thús tsjin Jong NEC bleau it 0-0.

Takom wike is de lêste kompetysjewedstriid. Cambuur spilet dan tsjin ADO Den Haag, de iennige konkurrint foar it twadde plak.

(advertinsje)
(advertinsje)