Tribune ynsakke op Oerol

16 jun 2012 - 11:54

By de iepening fan it Oerolfestival is freed in foarstellingsplak mei pommeranten troch de poaten sakke. It gie om in ferhege poadium mei in tinte deroerhinne. Dêr sieten likernôch fjirtich útnoege gasten yn. De konstruksje wie net berekkene op safolle gewicht. Ien fan de stielen poaten hâlde it net mear en bûgde om.

Der foelen gjin ferwûnen by it ynsidint. Deputearre Schokker siet ek yn de tinte. Se tocht dat it ynkrakken by de foarstelling hearde, sa sei se yn in reaksje.

De foarstelling dêr't de pommeranten nei sieten te sjen wie Expeditie Nieuw Schitterum. Dy giet oer it doarpke Schitterum op Skylge. Dat ferdwûn yn it sân.

Trefwurden: 
Oerol tribune
(advertinsje)
(advertinsje)