David Sambissa nije spiler fan SC Cambuur

23 apr 2018 - 20:25

SC Cambuur hat in nije oanwinst foar it kommende seizoen. De 22-jierrige David Sambissa makket dizze simmer transferfrij de oerstap fan FC Twente nei Ljouwert. De links-back hat in kontrakt krigen foar ien seizoen, mei de opsje der noch in seizoen by te tekenjen. Sambissa moat lykwols noch wol medysk kard wurde.

Frânsman Sambissa folge de jeugdoplieding yn Bordeaux en spile by ferskate jeugdteams. Foarich seizoen ferruile er syn heitelân foar FC Twente, mar ta in offisjeel debút kaam it noch net.

Winnaarsmentaliteit

Technysk manager Foeke Booy oer de komst fan Sambissa: "David is jong, talentvol en past binnen onze speelstijl. Bovendien beschikt hij over een goede winnaarsmentaliteit. Hiermee is hij een zeer welkome aanvulling van onze selectie en past hij bovendien goed bij het unieke karakter van onze club."

(advertinsje)
(advertinsje)