Van de Wal Nijetrine bout acht sjeazen foar Kanadeeske merk

23 apr 2018 - 20:11

Sjeasbouwer Jannes van de Wal fan Nijetrine eksportearret nije wike acht stielen sjeazen nei Kanada. It giet om in grutte oarder foar it ienmansbedriuw, want de 65-jierrige Van de Wal docht hast al it wurk allinnich.

De sjeazen fan Van de Wal hawwe in goede reputaasje yn de hynstewrâld. Se binne sterk, gean lang mei en ride licht. It bedriuw hoecht sadwaande gjin reklame te meitsjen. Klanten út binnen- en bûtenlân wite sels it paad nei Nijetrine wol te finen.

Dy klanten begjinne harren wol wat soargen te meitsjen oer de takomst. Van de Wal is 65 jier en hy hat gjin opfolger. De sjeasbouwer wol noch wol in pear jier troch, mar syn pensjoen betsjut nei alle gedachten ek de ein fan it sjeazemerk Van de Wal.

Van de Wal hat de ôfrûne fjirtich jier mear as 1500 sjeazen boud.

(advertinsje)