"Formaasje Opsterlân ferrint transparant"

23 apr 2018 - 19:48

Politike partij Opsterlands Belang hâldt fol dat de formaasje fan in nije kolleezje 'transparant' ferrint. Ferline wike kaam der grutte krityk op de gong fan saken. De trije partijen dy't it nije kolleezje foarmje sille, neist Opsterlands Belang binne dat PvdA en de ChristenUnie, hawwe alle trije stimmen ferlern.

Kolleezjepartij CDA bleaun frijwol gelyk, mar waard dochs bûtenspul set. Neffens Marcel van Opzeeland fan Opsterland Belang toande it CDA net genôch ambysje.

(advertinsje)
(advertinsje)