Modderige en winerige Slachte

16 jun 2012 - 11:42

It waar spilet de dielnimmers fan de Slachtemaraton parten. Der stiet in stevige wyn en der falle betiden flinke buien. Fan de parkearplakken yn de greide by Raerd is net in soad mear te sjen. Dat komt troch it reinwetter fan fannacht en fan 'e moarn. Mooglik smyt it jûn noch problemen op as alle dielnimmers wer nei hûs moatte.

Fierders koene net alle dielnimmers fan in muzykkorps út Appelskea de rûte berikke om dêr te spyljen. Twa fan harren auto's koene net troch de drek komme.

By de finish yn Easterbierrum komme ek meldings fan in soad modder. Der lizze gjin rydplaten en der is gjin strie struid. Oant no ta binne inkeld noch mar de hurdrinners oankaam. As de kuierders finishe, wurdt it noch folle drokker en moatte der nei alle gedachten trekkers oan te pas komme.

Trefwurden: 
Slachtemaraton
(advertinsje)