Grienpakket foar Ljouwerter bern: griene fingers krije
Ljouwerter bern krigen moandei in grienpakket. It giet om in grutte kweektafel en in jildbedrach, wêrmei't se in eigen tún meitsje kinne. It inisjatyf "Spring in het Groen" fan berne-opfang Sinne hat as doel bern te stimulearjen de tún yn te gean. Se moatte griene fingers krije.
Der binne 32 lokaasjes fan berne-opfang Sinne. En der sit mear achter, want it is ek in wedstriid: dejinge mei de bêste en kreatyfste risping wint in priis. De winner fan it projekt krijt in grutte kas.