Omwenners kleie oer mear lûdsoerlêst Frisian Flag

Op de fleanbasis Ljouwert meie se dan wol hiel tefreden wêze oer it ferrin fan de ynternasjonale oefening Frisian Flag, de omwenners binne dat folle minder. Ut in rûntsje dat Omrop Fryslân makke hat, docht bliken dat de omwenners kleie oer mear lûdsoerlêst. Boppedat sizze se ek mear lêst hân te hawwen fan stank troch kerosine.
Geert Verf fan Doarpsbelang Marsum fernimt ek dat der mear oerlêst wie, ek al hat de basis yn it foar noch sa syn bêst dien. Yn it foar hat de fleanbasis in soad oan foarljochting dien, bygelyks mei it fersprieden fan folders.
Njoggen dagen lang is der oefene troch de fleanbasis by Ljouwert. De fleanbasis is tefreden en hat net folle klachten hân, melde se. De klachten dy't se krigen hawwe, binne benammen 'meevallende geluidsklachten'.
Minsken binne bang
Neffens Niesje Kolk út Britsum is dat wol oars. "It wie mei dizze oefening ferskriklik, echt net normaal", seit se. Dat it opfallend is dat der safolle lûd wie, kin ek komme omdat de minsken in soad bûtendoar sieten mei it moaie waar. "It is krekt of is it oarloch. Guon minsken binne bang", fertelt Kolk. Ek de minsken dy't nei Ljouwert ta fytse hawwe lêst fan de leechfleanende fleantugen. "De fytsers bliuwe stean as der in fleantúch oerhinne raast. It hert slacht wol wat hurder", seit se.
Wa kin de koartste bocht meitsje?
Opfallend wie wol dat in soad fleantugen oer it doarp fleagen, 'en dat mei net', seit Kolk. Koos Boorsma, ek in ynwenner fan Britsum fertelt: "Ast in formaasje fan fjouwer oankommen sjochst, dan gean de earste twa keurich om it doarp hinne en de lêste twa dûke sa oer it doarp. Krekt as is it in spultsje fan "Jonges, wa kin de koartste bocht meitsje?"
Bazooka
De fyftich fleantugen gean moarns de loft yn en se komme moarns ek werom. Middeis it itselde, dus 50 kear fuort en werom. "Als je dan buiten bezig bent en alles stijgt op of ze komen met z'n allen te laag over, nou dan zou je wel een bazooka willen aanschaffen om ze eruit te halen", fertelt Ron Prozee dy't ek yn Britsum wennet.
De ynwenners fan de omlizzende doarpen kinne belje as se in klacht hawwe, as de oefeningen der binne. "Dat dogge jo faak net, want as in fleantúch west hat, is it leven ek al wer foarby", fertelt Kolk. As de minsken fuortendaliks belje, dan wurdt it wol opskreaun, neffens Kolk.