Lanlik protest tsjin gas- en sâltwinning op 2 juny yn Harns

Ferskate aksje- en belangegroepen út meardere provinsjes sille op sneon 2 juny yn Harns mei bewenners aksjefiere tsjin gas- en sâltwinning yn ûnder mear de Waadsee. It protest krijt de namme Samen TegenGas Harlingen.
De aksjefierders binne benaud dat de risiko's en kosten fan de skea net mear opwage tsjin de opbringsten fan de gaswinning. De aksje rjochtet him foaral tsjin de mynboubedriuwen Frisia, Vermilion en NAM.
By de aksje sille sprekkers út de lanlike en gemeentlike polityk sprekke. Ek sille se symboalyske reade kaarten útdiele oan de trije mynboubedriuwen.
It gas moat dochs earne weikomme
De gaswinning yn Grinslân moat yn it jier 2030 ta nul redusearre wêze. Dat jout grutte druk op de gasfjilden yn de oare regio's, seit Machiel Aarten fan de aksjegroep Laat Fryslân Niet Zakken yn it radioprogramma Weistra op Wei.
Wêr binne se krekt benaud foar?
Mei de nije metoade dy't no tapast wurdt - it saneamde fracking -, wurdt wetter mei gemikaliën de grûn yn pompt om de ierdlagen sa te preparearjen dat it gas der makliker út te heljen is. In diel fan dy gemikaliën bliuwt yn de grûn sitten. De oerheid seit dat dat gerêst kin, seit Aarten. "Maar niemand weet wat dat op langere termijn doet. Het lijkt op de beginjaren van de gaswinning in Groningen. Toen werd er gezegd: "Er kan servies gaan rammelen, meer niet". Dat is dus uit de hand gelopen."
Wêrom pas op 2 juny?
It kostet tiid om as ferskillende aksjegroepen mei-inoar jo ta te rieden op in mienskiplike aksje. Wy wolle dat de stim fan de tsjinstanners heard wurdt yn Den Haag. Dat hat fierste lang duorre. Gemeenten en provinsjale steaten hawwe al dúdlik makke dat se tsjin de winning binne, omdat dat bot grûndelgong jout. De polityk hat ek sinjalen ôfjûn dat se net bliid binne mei fracking, gaswinning út de lytsere fjilden en ek sâltwinning. Dy protesten en de tsjinstimmen moatte no ek yn Den Haag trochklinke.
Hoe sjocht it protest derút?
Der komme trije grutte reade kaarten: Ien pleatse wy foar it haadkantoar fan Vermilion, ien foar it haadkantoar fan Frisia Sâlt en ien op de seedyk foar de gaswinning troch de NAM. "Wij pikken het niet langer", seit Aarten.