Camperplakwinners: Wy tochten dat se fan de fûgelwacht wiene

Bûtenpleats Hizzard yn Lollum is troch de Nederlandse Kampeerauto Club útroppen ta moaiste camperlokaasje fan 2018. Besikers wurdearren it plak mei in 9,9
Fûgellûden
Foar eigeners Martha en Piet Kaastra kaam de priis as in folsleine ferrassing. "Wy tochten dat se fan de fûgelwacht wiene, omdat se wat seine oer de fûgellûden." De eigeners tinke dat se sa'n goede beoardieling krigen hawwe fanwege de persoanlike oandacht, it moaie plak, de rêst en dat it in lytse camping is. Der is plak foar fiif campers. "Elkenien dy't hjir komt, kriget by oankomst in bakje kofje of tee. Dat fine de besikers út de drokke stêd prachtich", seit Martha Kaastra.
Kúkhoarne tredde
Op it twadde plak einige camperpark Skop'nboer Erve Benneker yn de provinsje Oerisel. Op it tredde plak falt Fryslân wer yn de prizen mei camperpark Kuikhorne by De Westereen.