Earbetoan oan Piter Yedema yn IepenUP Live

23 apr 2018 - 15:04

In earbetoan oan de sneon ferstoarne dichter Piter Yedema woansdei yn IepenUP Live. Yedema stoar sneon op 77-jierrige leeftiid neidat er earder mei hertklachten opnaam wie. Yedema wie dichter en kritikus en soe kommende woansdei optrede yn Neushoorn by IepenUP. No sille oare Fryske dichters wurk fan Yedema lêze as in passend earbetoan.

It tema fan woansdei is wetterferhalen mei in foarútsjoch op it wetterfestival yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Piter Yedema IepenUP
(advertinsje)