Stasjonsgebou Hurdegaryp moat moetingsplak wurde

23 apr 2018 - 14:32

It âlde stasjonsgebou fan Hurdegaryp krijt miskien in nije bestimming. De gemeente hat oerlis hân mei in groep jongeren om te sjen oft it in plak wurde kin dêr't jongeren inoar moetsje kinne en wurkje kinne oan harren takomst op it mêd fan wurk en oare saken. It moat in kombinaasje wurde fan coaching, ynformaasje oer wurkûnderfining en begelieding yn in ûntspannen sfear.

Frijwilligers en ek professionals sille jongeren stypje yn it gebou, dat dan de namme 't Stationnetje krije sil.

It kommende healjier sil ûndersocht wurde oft it plan werklik útfierd wurde kin.

Trefwurden: 
't Stationnetje Hurdegaryp
(advertinsje)
(advertinsje)