Wurk Morandi yn Museum Belvédère lûkt tûzenen besikers

Wurk fan de skilder Giorgio Morandi © Omrop Fryslân, Karen Bies
It rint aardich stoarm by de tentoanstelling mei wurk fan de Italiaanske skilder Giorgio Morandi (1890-1964) yn Museum Belvédère yn Oranjewâld. Mear as 10.000 minsken hawwe de tentoanstelling al besocht. As it sa trochgiet, wurdt dizze tentoanstelling de bêst besochte fan it museum. It binne foaral minsken fan bûten de provinsje Fryslân, dy't de lânskippen en stillibbens fan Morandi besjen wolle. De katalogus fan de tentoanstelling is oan de twadde druk ta en de spesjale rûnliedingen binne útferkocht.
Morandi wie in boarne fan ynspiraasje foar in protte keunstners. Tsientallen skilderijen en tekeningen fan Morandi binne foar dizze tentoanstelling yn brûklien fan musea yn Bologna, Turijn, Milaan en Siena. De keunstwurken binnen noch oant 10 juny te sjen yn Museum Belvédère.