Oerol hat duorsumenssintrum

16 jun 2012 - 10:46

Op it Oerolfestival op Skylge is freed in duorsumenssintrum iepene. Dat waard dien troch boargemaster Visser fan it eilân. It ferneamde jierlikse festival gie freed wer fan start. Tsien dagen lang binne allerhanne foarstellings te sjen. It duorsumenssintrum moat in permanint plak wêze foar foarstellings.

Lânskipsteater SLeM hâlde by de iepening de earste fan in rige flashmobs. Sa moat it publyk kennis meitsje mei de feroaring fan in Waadeilân. It eilân skoot op nei it easten. SLeM filmet al dy flashmobs.

Trefwurden: 
Oerol
(advertinsje)