Mariska Kramer wint by froulju

16 jun 2012 - 09:50

Mariska Kramer út Drachten is by de froulju winner wurden fan de Slachtemaraton. Se notearre in eintiid fan 2.41.42 en dat betsjut in nij parkoersrekôr. Mariska hie gjin direkte konkurrinsje.

Twadde waard Yvonne Kassenberg, de winner fan fjouwer jier ferlyn. Sy die der 2.49.47 oer. It tredde plak wie foar Ylona Kruis út Ysbrechtum yn 3.05.21.

(advertinsje)