Slachte op alle Omropmedia

16 jun 2012 - 08:19

De Slachtemaraton is sneon op allerhanne wizen te folgjen by Omrop Fryslân. Sa binne der oer de hiele rûte ferslachjouwers fan radio en tillevyzje oanwêzich. De wedstriid moarns betiid is dêrneist ek te folgjen fia it ynternet: op www.simmerynfryslan.nl en it twitteradres @simmerynfryslan. De start fan de maraton is om healwei sânen.

Mei foto@omropfryslan.nl kinne de hiele dei troch foto's fan de Slachtemaraton stjoerd wurde nei de Omrop. Dy binne dan te sjen op de site fan Simmer yn Fryslân.

(advertinsje)