Slachtekuierders los

16 jun 2012 - 08:14

Krekt foar sân oere binne sneontemoarn de earste kuierders fan start gien foar de Slachtemaraton. De ferwachting is dat yn totaal sa'n 13.000 minsken meidogge oan de maraton fan Raerd nei Easterbierrum. De earste muzykgroepen binne al oan it spyljen. It publyk is ek al manmachtich oanwêzich lâns de rûte.

De earste kuiderder kaam om sawat ien oere oan. It wie Jan van der Vaart (42) fan De Wilp út Grinslân.

(advertinsje)
(advertinsje)