Gjin trochstart Metalfinish

15 jun 2012 - 20:16

De kâns dat it Snitser Metalfinish noch in trochstart makket is hiel lyts. Kurator Verdonk is der net yn slagge om derút te kommen mei de oernamekandidaten. Nije wike sil er sjen oft er parten fan it bedriuw ferkeapje kin. Foar de wurknimmers betsjut dat dat se dan definityf gjin wurk mear ha.

Johan Weijnenberg fan fakbûn FNV seit dat de meiwurkers de dupe wurde fan in stekspul oer jild. Hy sil moandei sels noch in kear besykje om dochs ta in trochstart te kommen. Hy sil mei de ferskate partijen om 'e tafel om se byelkoar te bringen.

Trefwurden: 
fallyt trochstart Metalfinish
(advertinsje)